22-03-2013

Bewust

De ôfrûne wike rûchelden de meterstânkaarten by ús troch de bus. Dat wie foar my it momint om ris te sjen wat oare gesinnen sa al ferbrûke oan gas en elektrisiteit. It skeelde in hiel soad. Wy wiene omtrint 25% suniger as oaren.

Fannemoarn begjin ik dêr oer mei de bern. Ik jou komplimintsjes dat sy altyd sa goed it ljocht útdogge en de doarren goed ticht. No is dat fansels lang net altyd sa, mar ik ha leard dat positive feedback it bêste wurket by bern.

Seit ús soan mei in grutte gniis: "Wat ek helpt is dat mem noait stofsûget..."